Betizing oer toan fragelist Digitaal Burgerpanel fan gemeente Ljouwert

De fragelist Digitaal Burgerpanel-Mienskip yn de gemeente Ljouwert soarget foar betizing ûnder de panelleden. De PvdA-fraksje yn de gemeenteried hat sinjalen krigen dat de toan fan de fragen net goed fallen is en dat de bedoeling fan de fragen ek net dúdlik is.
De Nieuwestad yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It giet neffens de fraksje om fragen lykas: 'uw buren kunnen de Friese taal niet verstaan', 'in uw straat komt een gezin uit Polen wonen', 'een verkoopster die u helpt draagt een hoofddoek' en 'in de buurt wordt een moskee gebouwd'.
De PvdA wol no fan it kollezje witte oft dy op de hichte is fan de ynhâld fan de enkête en wat de efterlizzende gedachte fan de fraachstelling west hat.
Mei in Burgerpanel besiket de gemeente yn it algemien om der efter te kommen wat der ûnder de ynwenners libbet.