Fertochte Erwin Duursma ûntkent belutsen te wêzen by drugshannel

Yn Mûnein wie moandeitemoarn in bysûndere parsekonferinsje: Erwin Duursma, dy't fertocht wurdt fan drugshannel, kaam mei in eigen ferklearring. Ferline wike die de plysje mei 20 man in ynfal mei hûnen en pistoalen. Der waard gjin drugs oantroffen by Duursma yn 'e hûs.
Erwin Duursma jout in parsekonferinsje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Erwin Duursma kaam mei syn ferklearring omdat hy de rezjy yn eigen hannen hâlde wol. Ut syn ferklearing:
"Ja, ik had wietolie in mijn huis om mijn vrouw en familie te helpen. Nee, ik zit niet in drugshandel. Ik hoop dat ik vandaag verder kan met mijn leven, met vrienden die me dierbaar zijn en een leuke positieve bijdrage leveren aan de maatschappij in onze mooie provincie."
Hy giet der fanút dat de saak seponearre wurde sil. Neffens him is hy by de plysje yn byld kommen omdat hy al mear as tritich jier befreone is mei manlju dy't by de Hells Angels sitte.
Ferklearring fan fertochte Erwin Duursma
De oanhâlding hat grutte ympakt hân op de famylje, ek syn frou en skoanmem wiene by de parsebyienkomst. De plysje hat nei de ynfal tsien fleskes wytoalje meinommen. Hy neamt it nayf dat er dat yn hûs hie, mar die dat foar syn skoanmem dy't sliepproblemen hat.
Hy hat de ynfal as traumatysk ûnderfûn. "Om zes uur 's ochtends zag ik acht wagens het erf opkomen. Gelukkig was ik al wakker, ik sta altijd vroeg op en zat aan een bakje koffie. Dus ik kon zelf de deur opendoen, anders was die ingeslagen. Ze hebben alles de hele dag grondig onderzocht. Er is geen Donald Duckje dat ze niet hebben opengeslagen. Dat is hun werk."
Ynterview fertochte Erwin Duursma
Duursma hat in oantal iepenbiere funksjes, hy is riedslid fan D66 yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Ek is hy foarsitter fan de stifting Hartveilig Fryslân.
Neffens de plysje bliuwt Duursma wol fertochte yn dizze saak.