Earste mikrofoan pleatst foar permaninte lûdsmjitting fleanbasis Ljouwert

26 nov 2018 - 11:30

Moandei is de earste mikrofoan pleatst foar permaninte lûdsmjitting rûnom de fleanbasis yn Ljouwert. Barbara Visser, steatssekretaris fan Definsje, kaam nei it doarpshûs fan Marsum om de webside te lansearjen, dy't oan it saneamde 'Geluidsmeetnet' keppele is.

Der is jierrenlang wurke oan de komst fan sa'n lûdsmjitnet. Yn totaal wurde der 16 mikrofoans pleatst dy't it lûd mjitte fan de fleantugen. De lokaasjes fan de mikrofoans binne útkeazen yn gearwurking mei de omwenners. Op de spesjale webside kinne besikers de registraasje fan de mikrofoans werom sjen.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Njonken Ljouwert komt der takom jier ek in lûdsmjitnet by de fleanbasis fan Volkel. Gerard Veldman, fan doarpsbelang Jelsum-Koarnjum is tige te sprekken oer it lûdsmjitnet: "Ljouwert rint foarop. Wy ha der jierren oan wurke mar wy binne oergryslik bliid dat it ynkoarten brûkt wurdt."

De mikrofoans dy't rûnom de fleanbasis komme te stean - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Noch transparanter

Ek steatssekretaris Visser is wiis mei de mikrofoans: "Het is voor ons ook echt nieuw. Het is de eerste keer dat Defensie een geluidsmeetnet voor een militaire vliegbasis aanlegt. Een nieuwe manier van werken, waarbij we nog transparanter zijn."

Benaud foar de resultaten is Visser net. "Het is alleen maar goed dat er helderheid is. Er kunnen altijd afwijkingen zijn, waarbij het weer een belangrijke factor is. Op de website kun je direct zien wat er is gebeurd. Er komt ook een loket, waar mensen vragen kunnen stellen."

De namme fan de spesjale webside soarge foar de nedige betizing. "Dêr wurdt noch oan wurke", seit Veldman ta. "Dat moat makliker."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by de fleanbasis

(advertinsje)