Iepenbier Ministearje pakt cybercrime oan: acht saken op temasitting

26 nov 2018 - 11:13

De rjochtbank yn Grins behannelet dizze moandei acht saken dy't te krijen hawwe mei cybercrime. It giet om saken as it stellen fan bleatfoto's fan in telefoan, it hacken fan in kompjûteraccount en it ûntregeljen fan in kuolsysteem fan in supermerk. De fertochten komme út Noard-Nederlân, trije fan harren wenje yn Ljouwert, Surhústerfean en Terwispel. Se moatte foar de plysjerjochter komme, dy't fuortendaliks útspraak docht.

By de temasitting cybercrime sitte ferskate databedriuwen, fersekerders en bedriuweferienings. Mei dizze partners dy't in soad kennis ha, wol it Iepenbier Ministearje cybercrime oanpakke. "Ek dizze minsken ha wy hurd nedich", seit parseoffisier Sierd Eijzenga. "Cybercrime is in ûnderwerp dat wy sa breed mooglik oanpakke moatte."

Foto: Omrop Fryslân

Sinjaal ôfjaan

Cybercrime, dêr't kompjûters en telefoans by brûkt wurde om te hacken, te stellen en oan te fallen, wurdt in hieltyd grutter probleem. Dochs dogge in soad minsken gjin oanjefte. "Dat komt benammen omdat minsken har te bot skamje of omdat se tinke dat de plysje der dochs neat mei docht", wit Eijzenga. "Wy wolle mei dizze temasaken oer cybercrime in sinjaal ôfjaan dat elkenien him of har der bewust fan wurdt. It Iepenbier Ministearje ropt slachtoffers en dupearren op om fral oanjefte te dwaan. It hat seker wol kâns fan slagjen."

Auke Zeldenrust oer de oanpak fan cybercrime

Taakstraf foar trochstjoeren neakenfoto

Sa krige in 21-jierrige Ljouwerter, dy't de telefoan fan syn freondinne ôfpakt hie en dêrnei in foto fan de neakene frou op Instagram set hie, in taakstraf fan 240 oere, wêrfan de helte ûnder betingst. De man hie syn freondinne op 15 augustus fan dit jier mishannele en har telefoan ôfpakt. Mei har ynlogkoade bruts er yn op har telefoan en sette in neakenfoto fan har op har op Instagram-account. In digitale neitraap, se neamde de offisier fan justysje syn died.

By Fier, it sintrum foar geweld yn ôfhinklikheidsrelaasje, meitsje se soks faker mei. Yn hiel Nederlân hat 15 op de 100 jongeren te krijen mei trochstjoeren fan foto's of filmkes, seit Johannes Dijkstra fan Fier. Neffens him wurde de problemen ûnderskat. Se krije soms as reaksjes yn de trant fan 'Dan moatst mar net sa dom wêze om in foto of in filmke te stjoeren'.

"Hat it libben noch wol sin?"

Trochstjoeren op sosjale media of fersprieden of skoalle kin heftige gefolgen hawwe foar fammen en ek foar jonges dy't ek wolris it slachtoffer wurden binne, seit Dijkstra fierder. Guon doare ynienen net mear nei skoalle, oaren krije problemen mei de emoasjes. Se wurde agressyf. Of se doare net mear mei de âlden te praten, wurde tryst, kinne net mear sliepe oant de fraach ta: Wol ik noch wol libje?

Advys: Bepraat it

Dijkstra hat wol in idee hoe't de slachtoffers holpen wurde kinne. As earste neamt previnsje. Alden, dosinten en oaren dy't kontakt hawwe mei de jongere moatte warskôgje foar de gefaren. Fierders moatte se feroaringen yn gedrach beprate mei de jongere, sa fan "Giet it wol goed mei dy?" En as lêste kin de jongere sels ek yn aksje komme troch ien út de omjouwing yn fertrouwen te nimmen en te fertellen oer de problemen.

Johannes Dijkstra fan Fier

(advertinsje)
(advertinsje)