Soad meldingen fan oerlêst yn bosk Oranjewâld

26 nov 2018 - 10:49

Yn ien wike tiid binne der trije meldingen fan oerlêst yn de bosk by Oranjewâld dien. Dat meldt boskwachter Roel Vriesema. Losrinnende hûnen wiene yn alle gefallen de oanlieding fan de meldingen.

Mountainbike - Foto: Shutterstock.com

In mountainbiker dy't lêst hie fan in losrinnende hûn gong in petear oan mei de eigener fan it bist. De diskusje rûn heech op, wêrnei't de mountainbiker it baaske in klap ferkocht. It slachtoffer tsjinne dêrnei in klacht yn oer agressive mountainbikers. In oare klacht wie fan in frou, dy't biten waard by it hurdrinnen troch in losrinnende hûn.

Hieltyd drokker

De bosk by Oranjewâld wurdt de lêste jierren hieltyd drokker. Yn parten fan de bosk meie hûnen losrinne. Yn it grutste part moatte se oan de line, mar in soad eigeners litte de hûn dêr ek losrinne. Dat soarget geregeld foar diskusjes tusken kuierders, fytsers en hûne-eigeners.

Ek it tal mountainbikers is bot tanaam. De bosk hat gjin mountainbikerûte, wêrtroch't de mountainbikers de paden brûke dêr't ek de kuierders gebrûk fan meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)