Kollum: "Alarmbellen"

26 nov 2018 - 07:33

"Dizze wike falt yn Aldegea de lêste Bakbrogge op de matte: dat is ús doarpskrante. Mear as 25 jier wie al it nijs te lêzen yn dit krantsje. Mar de redaksje slagget der net yn nije frijwilligers te finen. En dus lûke se de stekker der nei 25 jier út.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

De redaksje fan ús doarpskrante is lang net it iennige bestjoer dat gjin frijwilligers fine kin. Ik tink dat der yn elk doarp wol in klup is dy't mar dreech oan helpende hannen komme kin. Doarpsbelangen, sportklups, jeugdsoazen; allegear ha se itselde probleem: net ien hat tiid om efkes te helpen.

Ik wie ôfrûne wike op besite by Pieter Kooistra en Johannes van Kammen. Beide manlju stiene goed tritich jier lyn oan de widze fan de lokale krante De Westereender. Al mear as tritich jier skriuwt Johannes alle kearen wer in oantal artikels, dy't yn de smaak falle by de lêzers. Hy is yntusken 68, mar oan ophâlden tinkt er noch lang net. 'Ik bin en ik bliuw it mantsje fan de krante', lake er, doe't ik him der nei frege.

Sokke frijwilligers binne ûnbetelber. Minsken dy't harren jierren en jierren ynsette en net fan ophâlden witte. Gelokkich ha de measte klups wol ien of twa fan sokke frijwilligers yn de gelederen, mar dat is te min om in bestjoer draaiende te hâlden. Dêrfoar binne mear hantsjes nedich. Mar fyn se mar ris.

Der binne yntusken al sportklups dy't frijwilligerswurk ferplicht stelle. Dat is fansels in nuvere kombinaasje: frijwillich en ferplichte. Mar kenlik kin it net oars. Ferplichte bartsjinsten, ferplichte wedstriden fluitsje of ferplichte in ploechje traine. Ofst dêr no wier de meast entûsjaste minsken mei krijst, freegje ik my ôf.

De redaksje fan de Bakbrogge woe sa fier net gean. Op facebook makken se bekend dat dizze wike it lêste nûmer fan de doarpskrante op de matte falt. Dêrûnder seach ik reaksjes stean dat minsken it skande fine dat de Bakbrogge ophâldt. 'Jammer dat er niemand is die het wil overnemen', sei ien. Presys tocht ik, mar as elkenien hopet dat in oar it oernimt, docht úteinlik net ien it.

In oplossing kin ik sa ien, twa, trije net betinke. De redaksje fan de Bakbrogge gelokkich wol. Dy is drok dwaande om in app te ûntwikkeljen foar ús doarp, dêr't elkenien de ynformaasje tenei yn fine kin. In digitale doarpskrante dus, dy't minder tiid freget om yn elkoar te setten, te drukken en lâns te bringen. Mei sa'n app giet it nijs aanst wer as diggelfjoer.

Oer diggelfjoer sprutsen. Mear as fjirtich minsken joegen har dit jier op foar de frijwillige brânwacht fan Aldegea. Mear as fjirtich ynwenners dy't frijwillich in oantal jier in oplieding folgje wolle om aanst as brânwachtman of -frou oan de slach. Ik stean der fersteld fan. As de alarmbellen echt rinkeljen geane, binne der gelokkich dochs noch frijwilligers yn Aldegea dy't opstean."

(advertinsje)
(advertinsje)