Bakhuzen wol nij doarpshûs yn 2021

26 nov 2018 - 06:52

De doarpskommisje Better Bakhuzen wol dat it doarp yn 2021 in nij multyfunksjoneel sintrum (MFC) krijt. Dat MFC soe net allinnich it hjoeddeiske doarpshûs De Gearte ferfange moatte, mar mooglik ek romte biede oan de skoalle yn it doarp en tal fan oare aktiviteiten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tryntsje Stienstra fan Better Bakhuzen leit út wat it doel krekt is. "De Gearte ha wy mei eigen frijwilligers boud. Dêrtroch is it doarpshûs kostefrij kwa hypoteek, mar de enerzjyrekken is wol hiel heech. Op de jûn oer in Better Bakhuzen ûntstie it plan foar in nij doarpshûs, dêr't ek plak is foar de skoalle en miskien sels foar ZZP'ers dy't hjir in plakje krije kinne. It nije doarpshûs moat noch folle mulyfunksjoniler wurde as dat De Gearte no is."

Wy begjinne der mar op tiid oer nei te tinken, dan ha wy mar fêst in plan.

Tryntsje Stienstra fan Better Bakhuzen

De inisjatyfnimmers ha nei De Rottefalle west om te sjen hoe't sa'n multyfunksjoneel sintrum der dêr útsjocht. Oft de gemeente en it skoalbestjoer meidwaan wolle oan dit plan, is noch net bekend.

Tryntsje Stienstra fan Better Bakhuzen

Trefwurden: 
Bakhuzen doarpshûs De Gearte
(Advertinsje)
(Advertinsje)