Danny Noppert net nei finale fan Players Championship Finals

Danny Noppert is der sneintejûn net yn slagge de finale fan de Players Championship Finals te berikken. De 27-jierrige darter ferlear mei 11-3 fan Daryl Gurney, de nûmer fiif fan de wrâld.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
It begjin wie foar de tsjinstanner fan de Jouster. Gurney kaam al gau op in 4-1 foarsprong by de earste ûnderbrekking. Ek nei it skoft bleau de Noard-Ier sterk. Hy makke 6-1 en dêrmei like it foar Noppert dreech te wurden.
De Fries kaam mei twa goeie legs werom oant 6-3, wêrnei't Gurney op 7-3 kaam. Dêrnei wie de wedstriid foar Noppert oer. Gurney hie fierder gjin muoite mear mei de 27-jierrige Jouster en wûn úteinlik rom mei 11-3.
De heale finale is wol de bêste prestaasje fan Noppert oant no ta op in telefyzjetoernoai fan de PDC. Earder op snein wûn de Jouster noch fan Stephen Bunting.

Top fyftich

Troch syn plak yn de heale finale is Noppert yn syn earste jier yntusken opklommen oant de top fyftich fan de PDC. De wrâldranglist giet oer in perioade fan twa jier.
De top-64 fan de PDC Players Championship Order of Merit docht mei oan it toernoai yn Minehead. It is it lêste grutte toernoai foar it WK yn Londen, dat op 13 desimber begjint.