Direksje LF2018: "Alle 32 doelstellingen behelle"

25 nov 2018 - 20:46

Mei in talkshow, stamppot, glühwein en sûkerbôle stie Fryslân sneintejûn yn Ljouwert noch ien kear stil by it Kulterele Haadstêdjier. Mei de premjêre fan de offisjele aftermovie waard weromsjoen, mar it gie snein ek foaral om foarútsjen. Hoe moat Fryslân oer in pear jier kultureel op de kaart stean?

Oer dy 'legacy' giet it al langer. Der wurdt in nije organisaasje optúgd. Dy moat trochsette wat dit jier yn gong setten is. Ien fan de minsken dy't by dy organisaasje belutsen is, is Sjoerd Bootsma. Hy wie ek ien fan de earsten dy't him jierren lyn al ynsette foar Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd. Neffens Bootsma is it belangryk om in stip oan de hoarizon te setten. Sa witte je wêr't je nei tawurkje.

De organisaasje sil ek ynventarisearje wat der yn 2019 en de jierren dêrnei in ferfolch krije moat. Ien fan de projekten dêr't se oan tinke is Under de Toer. Ynkoarten komt dêr mear dúdlikheid oer, fertelden se sneintejûn.

Alle 32 doelstellingen behelle

Oeds Westerhof, direkteur fan LF2018, sei dat alle 32 doelstellingen yn it bidbook behelle binne. Ien dêrfan gie oer de belutsenens fan de minsken. It doel wie om 30.000 minsken by Kulturele Haadstêd te belûken en dat is slagge: úteinlik wiene it goed 60.000 minsken dy't meidien ha.

Trefwurden: 
LF2018 ReOpening
(advertinsje)