Friezen op shortlist foar Sporter fan it Jier

25 nov 2018 - 20:09

Yn alle kategoryen fan Sporter fan it Jier steane Friezen op de shortlist. De listen wurde gearstald troch sportbûn NOC*NSF en de NOS. Letter kiest in faksjuery de trije nominearren. De winners wurde bekend op it Sportgala, dat op 19 desimber holden wurdt.

Foto: ANP

Manlju

Shorttracker Sjinkie Knegt, langebaanreedrider Sven Kramer en turner Epke Zonderland steane op de list foar Sportman fan it Jier. Knegt wûn Olympysk sulver en brûns op it WK. Ek pakte de shorttracker út Bantegea fiif Europeeske titels. Kramer wûn goud op de olympyske 5.000 meter en pakte brûns op de ploege-efterfolging. Epke Zonderland pakte syn tredde wrâldtitel op de rekstôk.

Froulju

By de froulju meitsje langebaanreedrider Ireen Wüst en shorttracker Suzanne Schulting kâns op de award. Wüst wûn olympysk goud op de 1.500 meter en sulver op it WK allround. Schulting pakte de earste Nederlânske gouden olympyske medalje ea by it shorttracken. Dêrnjonken pakte se ek olympysk brûns by de ploege-efterfolging, WK-sulver op dyselde dissipline en yndividueel sulver en brûns op it EK.

Ploegen

By de ploegen steane de shorttracksters en de langebaanreedrydsters fan de ploege-efterfolging op de shortlist. By de shorttrackploech sitte ûnder oare de Friezinnen Schulting en Rianne de Vries. Sy wûnen olympysk brûns en sulver op it WK. De frouljusploech by it langebaanreedriden bestie út Wüst, Antoinette de Jong en Marrit Leenstra. Sy wûnen sulver op de Olympyske Spelen.

Coach

By Coach fan it Jier steane ûnder oare Daniel Knibbeler en Jeroen Otter op de list. Knibbeler is de coach fan Epke Zonderland en dy waard dus wrâldkampioen op de rekstôk. Otter is de bûnscoach fan de shorttrackers, dy't mei Schulting dit jier ûnder oare olympysk goud wûnen.

Paralympiër

It Nederlânske dressuerteam stiet op de list foar Paralympiër fan it Jier. Yn dy ploech sit ûnder oare Rixt van der Horst, fan Grou. De ploech wûn dit jier foar it earst de lannewedstriid op it WK.

Faksjuery

Ut alle listen kiest in faksjuery trije nammen, dy't kâns hâlde op de priis. Dy trije nammen wurde 2 desimber bekendmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)