Artistyk lieder Immie Jonkman: "LF2018 wie moai, mar dit wie de earste stap"

25 nov 2018 - 19:00

Kulturele Haadstêd LF2018 wie in grut sukses en hat in soad losmakke, mar it giet der no om om dat fêst te hâlden. Dat sei Immie Jonkman yn it Omrop-radioprogramma Buro de Vries. Jonkman wie ien fan de artistyk lieders fan LF2018 en lid fan it programmateam.

Immie Jonkman - Foto: Jort Klarenbeek

"As der oer in pear moanne Steateferkiezingen binne, wolle jo ek graach weromsjen dat LF2018 wat losmakke hat. Dat it dus écht wat opsmiten hat. Kultuer is net allinnich om 'it moai', mar ek om wat yn gong te setten." Dêrom moatte der ferfolchstappen komme, seit Jonkman.

Der ha 60.000 oant 70.000 Friezen aktyf belutsen west by de projekten. Dat mei, wat Jonkman oanbelanget, net in flow wêze dy't wer fuortsakket. "Dit wie in prachtich jier, mar dit wie stap ien. We moatte troch! Ek op it mêd fan de Europeeske gearwurking, want dat hat miskien wol wat te min omtinken hân. Dan moat dat mar by dy ferfolchstappen meinaam wurde."

Immie Jonkman yn Buro de Vries oer LF2018

Trefwurden: 
LF2018 Immie Jonkman
(advertinsje)