Crispijn Ariëns twadde yn einklassemint Trachitol Trophy

Reedrider Crispijn Ariëns fan Wolvegea is twadde wurden yn it einklassemint fan de Trachitol Trophy. Snein wie yn Grins de lêste fan fjouwer maratonwedstriden. Dy waard wûn troch Simon Schouten.
© Neeke Smit
It wie snein yn Grins in slitaazjeslach. Al gau wie der in grutte kopgroep mei alle favoriten foar it einklassemint. Evert Hoolwerf en Crispijn Ariëns, de twa kandidaten foar de einoerwinning, bleaunen fral byinoar.

Lange oanfal Jouke Hoogeveen

De hiele wedstriid lang wiene der in protte oanfallen, mar de meast opmerklike wie dy fan Jouke Hoogeveen. De âld-Dryltser ried hast tritich rûntsje allinnich rûn. Ferskate ploechgenoaten lieten harren ôfsakje om him oan in rûntsje foarsprong te helpen, mar dat slagge net. It peloton helle Hoogeveen werom en yn it lêste rûntsje foel er.
Regearjend Nederlânsk kampioen Simon Schouten skreau de fjirde wedstriid fan de Trachitol Trophy op syn namme. Sjoerd den Hartog waard twadde en Frank Vreugdenhil tredde.
De winst yn it einklassemint gie nei Evert Hoolwerf fan Royal A-ware, de ploech fan Jillert Anema. Ariëns waard dus twadde, foar Simon Schouten.
De Trachitol Trophy is de tweintichste maraton fan mear as ien dei. De earste waard yn 1983 ferriden. Dit jier kamen de riders yn aksje yn Breda, Utrecht, Hoorn en Grins.