Ek yn Fryslân mooglik aksjes yn de metaal

25 nov 2018 - 18:14

Ek yn Fryslân komme dizze wike mooglik stakingen yn de metaalsektor. Dat kundiget fakbûn CNV oan. Moandei, tiisdei en woansdei binne der al aksjes yn it midden en it suden fan it lân. Wurkjouwers en wurknimmers lizze al moannen mei elkoar yn de klinsj oer in nije cao Metalektro foar de 150.000 wurknimmers yn Nederlân.

Foto: ANP

Njonken de stakingen dy't no oankundige binne, sille der ek ferrassingsaksjes komme. Leden fan de fakbûnen krije dan krekt yn it foar in oprop om it wurk del te lizzen, neffens it CNV. "We kunnen ook acties in Fryslân niet uitsluiten", seit Joost van Egmond, aksjelieder fan it CNV.

De aksjefierders easkje in jierlikse leansferheging fan 3,5 persint. Dêrnjonken dogge se har beklach oer de fleksibele banen. Mei de aksjes hoopje de fakbûnen de de druk op de wurkjouwers op te fieren.

(advertinsje)
(advertinsje)