Epke wint rekstôk op wrâldbekerfinale yn Cottbus

25 nov 2018 - 17:05

Epke Zonderland hat de rekstôkfinale op de wrâldbeker yn Cottbus wûn. De Fryske turner kaam ta in skoare fan 14.866. De wedstriid yn de Dútske stêd wie de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Njonken Zonderland op it poadium stiene Tin Srbic en Hidetaka Miyachi.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Fries turne yn Cottbus twa kear in kombinaasje. Earst de Cassina mei de Kovacs, dêrnei ek noch de Kolman en de Gaylord 2. Zonderland wie yn de finale as lêste oan bar en liet dus alle oaren efter him. Bart Deurloo waard fjirde.

Begjin novimber pakte Zonderland syn tredde wrâldtitel op de rekstôk.

(advertinsje)
(advertinsje)