Kamminga en Groenewoud op einpoadium Trachitol Trophy

25 nov 2018 - 16:47

Friezinnen Manon Kamminga en Marijke Groenewoud binne respektyflik twadde en tredde wurden yn it einklassemint fan de Trachitol Trophy. Dat is in maratonwedstriid fan fjouwer dagen. Kamminga en Groenewoud moasten Irene Schouten foar har litte, dy't snein yn Grins de fjirde en lêste wedstriid wûn.

Foto: Neeke Smit

Ferlike mei de foarige dagen wie it in wedstriid mei in heech tempo en in protte oanfallen. De ien nei de oar koe it tempo net byhâlde. Healwei de wedstriid bruts in kopgroep los, mei dêryn alle toppers, lykas Carien Kleibeuker, Manon Kamminga en Marijke Groenewoud.

Yn de spannende slotfaze hie Loes Adegeest op in bepaald momint in heal rûntsje foarsprong. Sy koe doe even hoopje op de oerwinning, mar yn de lêste 100 meter helle Irene Schouten Marijke Groenewoud, Manon Kamminga en Adegeest allegearre yn. Groenewoud waard yn de slotrace twadde en Kamminga tredde.

Schouten soeverein

Schouten hat dêrmei alle fjouwer races om de Trachitol Trophy wûn. Ek yn Breda, Utrecht en Hoorn wie se de bêste. Se hie snein oan in plak by de bêste seis genôch oan de einoerwinning.

De Trachitol Trophy is de tweintichste maraton fan mear as ien dei. De earste waard yn 1983 ferriden. Dit jier kamen de riders yn aksje yn Breda, Utrecht, Hoorn en Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)