Tsjinstanners sânwinning Iselmar rjochtsje harren op gemeenteried

25 nov 2018 - 16:16

Sa'n hûndert tsjinstanners fan de sânwinning yn de Iselmar kamen sneintemiddei by elkoar oan de Murnzer Klif. Mei taspraken en spandoeken woene se benammen de gemeenteried fan De Fryske Marren witte litte hoe't se oer de plannen tinke.

Tsjinstanners sânwinning Iselmar rjochtsje harren op gemeenteried

Woansdei nimt de ried in beslút oer de sânwinning dy't oanfrege is troch it Limboarchske bedriuw Smals. Dy wol de kommende 30 jier sân winne, sa'n 5 kilometer út de Fryske kust.

De tsjinstanners binne benaud dat dy winning skealik wêze sil foar de natoer en boppedat foar in soad oerlêst soargje sil foar de omwenners. Woansdei wolle se foarôfgeand oan de riedsgearkomste opnij protestearje. Twa bussen fol aksjefierders sille dan nei it gemeentehûs fan De Fryske Marren ta.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by de demonstraasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)