Danny Noppert nei sterke slotfaze nei heale finale yn Minehead

25 nov 2018 - 15:49

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintemiddei syn earste heale finale op in telefyzjetoernoai fan de PDC berikt. De 27-jierrige Noppert wûn mei 10-7 yn in moaie wedstriid op de Players Championship Finals fan Ingelskman Stephen Bunting. De Fries pakte nei in sterke slotfaze de winst.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it begjin fan de wedstriid kaam de Jouster op in 3-1 foarsprong. Noppert krige genôch pylken om mei 4-1 it skoft yn te gean, mar miste. Bunting makke der dêrnei 3-2 fan. Ek de folgjende leg en dy dêrnei pakte de Ingelskman mei in finish fan 121.

Bunting rûn al gau út nei 6-3, nei't Noppert wer inkelde dûbelds miste. De Fries kaam sels hast mei 7-3 efter, mar smiet mei Bunting op in dûbel knap 112 út.

Knap útsmiten

Nei it twadde skoft pakte Noppert twa legs op rige mei ûnder mear in 11-darter. Mei in finish fan 68 waard it 7-6 yn it foardiel fan de Jouster. Op 7-7 mocht Noppert oanlizze foar in 9-darter, mar nei seis perfekte darts gie it mis. De leg gie wol nei de Fries. Mei twa keurige legs pakte Noppert dêrnei de oerwinning.

De heale finales en de finale wurde sneintejûn spile. Noppert nimt it yn de heale finale op tsjin Daryl Gurney.

Ik haw op de goeie mominten moaie dingen sjen litten.

Danny Noppert nei de heale finale

"Ik bin sa bliid mei dit resultaat", sei Noppert nei ôfrin. "De dûbels moatte noch wol better, mar ik haw op de goeie mominten moaie dingen sjen litten."

Oer tsjinstanner Gurney yn de heale finale sei de Jouster it folgjende: "Tsjin him moat ik noch wat better spylje, mar ik haw der fertrouwen yn."

De top-64 fan de PDC Players Championship Order of Merit docht mei oan it toernoai yn Minehead. It is it lêste grutte toernoai foar it WK yn Londen, dat op 13 desimber begjint.

(advertinsje)