Olde Riekerink nei ferlies by koprinner: "Er stond in elk geval een team"

25 nov 2018 - 15:38

Neffens Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink wie syn ploech sneon op besite by PSV net kânsleas. "Je spreekt wat dingen af met elkaar en dat probeerde het team goed uit te voeren." Uteinlik ferlear Hearrenfean mei 3-0 fan de koprinner. De Friezen spilen hast in oere mei in man minder, nei in reade kaart foar Morten Thorsby.

"Ik vind dat we hard hebben gewerkt. Maar op een gegeven moment komen er ruimtes te liggen door vermoeidheid", sei de trainer nei ôfrin. Al betiid yn de wedstriid kaam PSV troch in goal fan Hirving Lozano op 1-0. Oant it flak foar it skoft mocht Hearrenfean noch hoopje oant mear, mar doe krige Thorsby read. Betiid yn de twadde helte makke PSV dien wurk.

Olde Riekerink makket him gjin soargen oer syn team op basis fan de wedstriid tsjin PSV. "Na de wedstrijden tegen Emmen en Groningen maakte ik me wel zorgen", sei er. "Maar nu hebben we een aantal dingen wel goed gedaan. Ook qua werklust hebben we het goed volgehouden. Er stond vandaag in elk geval een team."

De reade kaart fan Thorsby wie in belangryk momint yn de wedstriid. Arbiter Pol van Boekel joech de middenfjilder read nei't er in oertrêding op Lozano makke hie. De skiedsrjochter hie dêrfoar wol de help fan de VAR nedich. "Mijn eerste gevoel was dat het een goede tackle was, omdat de bal in de goede richting ging", sei Thorsby. "Met de VAR moet de scheidsrechter eigenlijk 100% zeker zijn dat er een overtreding word gemaakt, maar op basis van de beelden kan ik dat niet zien."

Dêrmei wie de wedstriid eins wol dien, foar Hearrenfean, fûn Thorsby. "Als je tegen een topploeg zo'n belangrijke beslissing tegen krijgt, dan wordt het moeilijk."

Foar spits Sam Lammers wie it in spesjale wedstriid. Hy wurdt troch PSV útliend oan Hearrenfean. "Je ziet bekenden, je speelt tegen bekenden, je kent je tegenstanders wat beter. Maar als het eerste fluitsignaal klinkt, is het gewoon een wedstrijd. Dan wil je een goed resultaat halen."

Dat siet der dus net yn. "Uiteindelijk waren we kansloos. Vooral op het laatst, toen we met tien man stonden, was het gewoon klaar. Maar in de eerste fase van de wedstrijd hebben we aardig meegedaan. We kwamen er een paar keer goed uit, dan is het zonde dat je het niet goed uitspeelt."

(advertinsje)