Nyck de Vries fiifde yn seizoensôfsluter, fjirde yn einklassemint

25 nov 2018 - 14:52

Autokoereur Nyck de Vries út Twellingea is sneintemoarn yn de lêste Formule 2-race fan it seizoen as fiifde einige. De oerwinning yn de Feriene Arabyske Emiraten gie nei Antonio Fuoco. Yn it klassemint bliuwt De Vries op it fjirde plak stean.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Nyck de Vries hie noch tredde wurde kinnen yn it einklassemint, mar dan hie snein alles mei sitte moatten. Dat wie net it gefal. De start fan de Fries wie noch goed, mar al yn de earste ronde waard er troch syn direkte konkurrint Lando Norris ynhelle. Letter moast De Vries ek noch in plakje ôfstean oan George Russell, dy't sneon de titel yn de Formule 2 pakt hie.

It wie it twadde seizoen fan Nyck de Vries yn de Formule 2 en syn earste foar it team Prema. De Vries wûn dit jier trije fan de 24 races.

Top 5 fan it einklassemint yn de Formule 2

Koereur Lân Punten
1. George Russell Grut-Brittannië 287
2. Lando Norris Grut-Brittannië 219
3. Alexander Albon Tailân 323
4. Nyck de Vries Nederlân 202
5. Artem Markelov Ruslân 186
(advertinsje)
(advertinsje)