Rinus Buising listlûker Provinciaal Belang Fryslân

25 nov 2018 - 13:50

Rinus Buizing út Twizel is keazen as listlûker fan Provinciaal Belang Fryslân foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten fan maart takom jier. Buising wurdt troch de partij sjoen as in politikus dy't de ûnôfhinklike gemeentlike partijen ferbine kin yn Provinsjale Steaten.

Rinus Buising, listlûker Provinciaal Belang Fryslân - Foto: Provinciaal Belang Fryslân

De provinsje nimt in soad besluten foar de gemeenten, bygelyks natuerbehear en grutte projekten as brêgen en wegen. De lokale partijen wolle ek yn Provinsjale Steaten fertsjintwurdige wêze om dêr ynfloed útoefenje te kinnen. It ferkiezingsprogramma fan Provinciaal Belang Fryslân is mei algemiene stimmen goedkard. Begjin jannewaris wurdt de kandidatelist bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)