Mistfontein Ljouwert kleuret oranje tsjin frouljusmishanneling

De mistfontein yn Ljouwert kleuret snein oranje yn it ramt fan de ynternasjonale dei tsjin geweld tsjin froulju. Mei dizze dei wurdt it startskot jûn foar in wrâldwide kampanje tsjin diskriminaasje fan en geweld tsjin froulju en famkes.
© Postema Media
De aksje duorret sechstjin dagen en bestiet út ferskate kampanjes en debatten. Lykas yn ferline jierren wurdt de kleur oranje brûkt om de aksjes ûnder de oandacht te bringen.

Tsientallen gebouwen oranje

Sa is de mistfontein yn Ljouwert ien fan de tsientallen gebouwen en objekten yn ús lân dy't snein as it tsjuster wurdt yn it oranje ferljochte wurdt. Oare gebouwen dy't de kleur oranje krije, binne de Erasmusbrêge yn Rotterdam, it Binnenhof yn Den Haag, de fjoertoer fan Noordwijk en de Sassenpoort yn Zwolle. De aksje duorret 16 dagen en einiget op 10 desimber, de de Dei fan de Minskerjochten.

Geweld tsjin froulju

Gemiddeld 35 persint fan de froulju wrâldwiid hat yn har libben mei fysyk en/of seksueel misbrûk troch de eigen partner of seksueel geweld troch oaren (útsein seksuele yntimidaasje) te krijen hân. Yn guon lannen leit it tal froulju dat troch de eigen partner fysyk of seksueel misbrûkt wurdt sels op 70 persint.

Orange the World yn Buro de Vries

Yn Buro de Vries wiene Hinke Donker en Abeltje Veldkamp fan de soroptimisteklup Fryslân-Súd te gast. Dy komme yn gearwurking mei UN Women, Zonta en Emancipator mei de kampanje Orange the World. Doel is om geweld tsjin froulju en fammen út te bannen en besykje om froulju mear te belûken by konfliktoplossingen.
Hinke Donker en Abeltje Veldkamp