Omrop TIP: PietCast #15 -20 yn de media, de tocht, de winter en boaiemdelgong

25 nov 2018 - 12:46

It waar is ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons.

Piet Paulusma - Foto: Omrop Fryslân

Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter werhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelarjeletters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch hoe't soks wurket en oft hy wit dat sa'n -20 útspraak derút pikt wurde sil.

Fierder mear oer de kommende winter, de eksakte datum fan de Alvestêdetocht en we hawwe it oer de boaiemdelgong. Yn in goede en ûntspannen sfear fansels, want we hawwe de tiid: in lytse 20 minuten eftergrûnen-by-it-waar-praat. Stay tuned!

PietCast 15

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)