Fleanbasiskommandant Ljouwert oer striid tsjin IS: "Bedenk eens wat er was gebeurd als we niet hadden ingegrepen"

Alle dagen fleane der Nederlânske F-16's boppe Syrië en Irak. De útfalsbasis is Jordanië yn it Midden-Easten, in basis op in pear oeren riden fan de haadstêd Amman. Hûndertfyftich Nederlanners, wêrfan it grutste part fan de Ljouwerter fleanbasis, binne dêr legere. Noch mar in pear wiken. Dan sit de misje der op en komt elkenien wer thús. Dan binne de misjes en útstjoeringen sa't it no liket foarearst ferline tiid.
© Sgt Dijkstra (MCD)
Troch Hayo Bootsma
"Ja, het heeft zin gehad. Bedenk eens wat er gebeurd was als we niet hadden ingegrepen." Oan it wurd is Arnoud Stallmann, kommandant fan fleanbasis Ljouwert. Hy wie sels in skoft aktyf yn Jordanië en giet geregeld nei it lân ta om syn manskippen op te sykjen. De misje rint al sûnt 2014.
Stallmann wie dêr doe fuort al by belutsen: "De situatie destijds was heel anders. We kregen de opdracht om IS, Islamitische Staat, in Irak te bestrijden. Ze stonden zowat aan de poorten van Baghdad. Die stad had niet moeten vallen. Dan waren de problemen echt groot geweest." Stallmann doelt op de grouwéligens fan IS.
De loftmacht krige de taak de grûntroepen te stypjen. Dat waard doetiids in soad dien. Fan 2014 oant 2016 binne der 2.100 misjes flein. 1.700 kear binne der wapens ynset. "Toen gebeurde dat veel meer dan nu. Maar we hadden en hebben als taak het uitschakelen van IS", seit Stallman.
© Sgt Dijkstra (MCD)

Kampearje op in grynplaat

It begjin fan de misje wie foar de militêren letterlik pionierje. Op de basis wie eins gjin romte om in lytse 200 man te herbergjen. Foar it earste detasjemint waarden tinten opset. "Op een grindplaat. Daar had ooit wel een kamp gestaan. Maar nu was er niets meer. Nu hebben we het vrij luxe. Er staan containers met airconditioning en internet. Er is de mogelijkheid te sporten."
Dat moat ek wol. De minsken meie net fan de basis ôf. "Niet dat het land niet veilig is, maar je wilt ook geen onnodige risico's nemen", seit Stallmann.
Neffens de kommandant giet it syn manskippen goed: "Ik heb geregeld contact met de mensen daar ter plaatse en ga iedere drie maanden zelf kijken. Wat bijvoorbeeld belangrijk is, is het thuisfront. Stel dat daar bij iemand thuis iets gebeurt, een moeder of vader die komt te overlijden. Dan heeft dat effect op zo'n detachement. Dat gaat gelukkig allemaal goed. Dat het daar goed gaat heeft verder ook te maken met hoe het allemaal geregeld is. De post komt bijvoorbeeld aan. Dat is toch erg belangrijk."
Nederlân is no foar de tredde kear aktyf boppe it slachfjild yn Irak en Syrië. De earste perioade duorre fan oktober 2014 oant juny 2016. Der waard 2.100 kear in misje flein, 1.800 kear waarden der wapens ynset. Der wiene doe 8 F-16's aktyf. Fan july 2016 oant desimber 2017 wie Nederlân aktyf mei in transportfleantúch, in tankerfleantúch en mei bewakers.
De lêste perioade is begûn yn jannewaris fan dit jier en rint 31 desimber ôf. Der stean seis F-16's. Fjouwer binne ynsetber, twa stean der as reserve. Oant no ta is der goed 370 kear flein, 60 kear binne der wapens ynset.

Striid giet troch

Op it each is it no rêstich yn it gebiet. Dochs is dat net it gefal, sa seit Stallmann. Hy hat de ôfrûne pear moannen yn it kommandosintrum fan de koälysje yn Katar wurke. Hy wie dêr de skeakel tusken de piloaten yn de loft en de fraach om loftstipe fan de grûn ôf. "Ik heb mij er over verbaasd op hoeveel plekken er nog gevochten wordt in Syrië. We zijn vooral actief in het grensgebied. Daar wordt een soort van klassieke strijd gevoerd. Daar staan de partijen dus gewoon lijnrecht tegenover elkaar."
Irak sels is op it stuit frij stabyl, seit Stallmann: "Daar zie je dus toch echt dat er wat verandert in dat land. Perfect is het niet maar er worden stappen gezet." Foar de manskippen is de drokte allinnich mar better: "Omdat het druk is hebben de manschappen minder tijd om zich te vervelen. Het geeft ook zingeving aan zo'n missie."
© Sgt Dijkstra (MCD)

In gribus yn en boppe Syrië

De measte minsken dy't dêr sitte, binne al faak op misje west. "Je ziet de getallen wel staan boven de medailles op hun uniform: acht, negen. Het is geen uitzondering", seit Stallmann. Dochs fernimt hy net dat minsken misjewurch binne. "Je merkt nu wel dat mensen wel druk ervaren van de transitie die aanstaande is, de overgang naar de F-35 (JSF). Mensen zijn met dat project bezig en zitten dan tussendoor drie maanden in de woestijn. Die dubbele taken geven nu wel druk."
De situaasje boppe en yn Syrië bliuwt al kompleks. It lân sels striidt noch hieltyd tsjin guon opstannelingen en IS. Syrië kriget stipe fan Ruslân. Dat lân spilet in grutte rol yn de loft. Dêrnjonken fleane de koälysjetastellen, wêrûnder ûnder oare de Feriene Steaten, dêr ek om. It liket libbensgefaarlik dêr te operearjen.
Dat falt ta, sa seit Stallmann: "Eigenlijk is alles goed afgebakend. We vliegen niet overal boven Syrië en komen dan ook niet snel tegenover de Russen te staan bijvoorbeeld. Het is ook in niemands belang Nederland daar te bedreigen, dus kunnen we relatief veilig opereren."

De ôfbou begjint hast

De misje sit der ynkoarten dus op. It kamp wurdt dan ôfbrutsen en nei in rêstperioade giet elkenien wer fierder mei itjinge dêr't er mei dwaande wie op de ferskate bases dêr't se legere binne. It Korps Nationale Reserve wurdt ynflein om de ôfboumisje te begelieden en te soargjen foar feilichheid. Foar Nederlân is dit part dan foarearst klear. De striid tsjin IS sit der dan noch lang net op.