Fryske teamsprintsters winne goud yn Japan

25 nov 2018 - 11:13

De Nederlânske teamsprintsters hawwe snein goud helle by de wrâldbekerwedstriid reedriden yn Tomakomai. Op it Japanske bûteniis wiene Letitia de Jong (Feanwâlden) en Janine Smit (It Hearrenfean) mei Jutta Leerdam de konkurrintes út Italië en Kanada krekt te rap ôf. Nederlân stiet troch de winst no boppe-oan yn it klassemint om de wrâldbeker.

Janine Smit - Foto: ANP

3000 meter

De Fryske froulju dy't snein yn aksje kamen op de 3000 meter hellen it poadium net. Antoinette de Jong die it it bêste mei in 5e plak. Se ried in tiid fan 4.15.02. Ireen Wüst einige dêr krekt efter op it 6e plak (1.16.53). Reina Anema helle de top 10 ek en waard 9e mei in tiid fan 4.18.92. De winst gie ferrassend nei de Kanadese Isabelle Weidemann, dy't 4.10.18 ried. Martina Sábliková (4.13.00) en Francesca Lollobrigida (4.13.47) waarden twadde en tredde.

1000 meter

Op de 1000 meter waarden ek gjin poadiumplakken helle troch de Friezinnen. Ireen Wüst kaam der noch it tichtst by yn de buert mei in 4e plak. Se ried in tiid fan 1.17.83. Letitia de Jong waard 12e yn 1.19.22. De 1000 meter waard wûn troch Nao Kodaira út Japan (1.17.31), foar Brittany Bowe út de Feriene Steaten (1.17.65) en Vanessa Herzog út Eastenryk (1.17.77).

(advertinsje)