Mingde resultaten foar Fryske haadklassers kuorbal

De twa Fryske kuorbalklups dy't útkomme yn de haadklasse B hawwe sneontejûn mingde resultaten behelle. Mid-Fryslân wûn krekt by Unitas/Perspectief yn Harderwijk mei 25-24. SCO gie thús mei 24-19 ûnderút tsjin AW/DTV út Amsterdam.
© Orange Pictures

Lytse oerwinning Mid-Fryslân

Nei it ferlies fan foarige wike, waard sneon wûn fan Unitas/Perspectief yn Harderwijk. De Friezen hiene by it skoft al in foarsprong te pakken fan trije punten. Mei in stân fan 7-10 waard der teedronken. De foarsprong waard behâlden, al waard it noch wol spannend. De punten gongen nei Fryslân, want der waard wûn mei 25-24.
It is de twadde kear dat Unitas/Perspectief punten ferliest tsjin in Fryske ploech: foarige wike waard ferlern fan SCO.

Ferlies foar SCO nettsjinsteande foarsprong

Yn Wolvegea koe SCO de punten net binnenhelje tsjin it Amsterdamske AW/DTV. By it skoft stie SCO noch foar mei 12-8, mar nei in minne twadde helte waard der úteinlik ferlern mei 24-19 fan de Amsterdammers.
Beide teams hawwe no 2 punten yn de haadklasse B. Troch in ferskil yn doelsalde stiet SCO op plak 4 en Mid-Fryslân op plak 5.