Ljouwert is kâldste plak fan Nederlân: -5,6 graden

25 nov 2018 - 09:59

De earste matige froast fan dizze winter is in feit. It kwik yn Ljouwert sakke yn de nacht fan sneon op snein nei -5,6 graden. De Fryske haadstêd wie dêrmei it kâldste plak fan Nederlân.

Foto: ANP

Oan de grûn frear it yn Ljouwert sels 6,2 graden. Ek yn de rest fan de provinsje wie it in pear graden ûnder 0, útsein fan de Waadeilannen.

Fan matige froast is sprake as de temperatuer ûnder de -5 graden sakket. De lêste kear dat dat barde yn ús lân wie op 21 maart. Doe kaam de minimumtemperatuer yn Arcen (Limboarch) út op -5,1 graden.

Trefwurden: 
Ljouwert waar temperatuer
(advertinsje)