Plysje fûillearret hûnderten minsken yn Ljouwert

25 nov 2018 - 09:44

De plysje fan Ljouwert hat in drokke nacht achter de rêch. Der waard in previntive fûillearringsaksje hâlden yn de binnenstêd en op meardere plakken wiene ynsidinten yn hoarekagelegenheden.

Messen yn beslach naam by in previntive fûillearringsaksje yn Ljouwert - Foto: Plysje Ljouwert

By de previntive fûillearringsaksje fan de plysje binne 256 persoanen en 64 auto's kontrolearre. By dy kontrôles waarden yn totaal sân messen ynnaam.

Gebietsferbod 17-jierrige

Healwei de nacht moast de plysje op de Nijstêd yn aksje komme doe't in 17-jierrige ynwenster fan Ljouwert har gebietsferbod, oplein troch de gemeente, oertrêde. De frou is oanhâlden en meinaam nei it buro. Der folget noch in ûndersyk.

ID-fraude

Twa oare 17-jierrige famkes, ien út de gemeente Ljouwert en ien út de gemeente Waadhoeke, krigen in boete fanwegen identiteitsfraude. Se besochten in kafee op it Ruterskertier binnen te kommen op de ID-kaart fan in freondinne. De portier hie it troch en skeakele de plysje yn.

Letter op de nacht waard ek in 34-jierrige Ljouwerter oppakt dy't fertocht wurdt fan it mishanneljen fan in persoan yn in kafee op it Ruterskertier.

(advertinsje)