Yn de sel foar Dance4life

Fiif learlingen fan it Marne College yn Boalsert hawwe har tiisdei frijwillich opslute litten yn de âlde finzenis fan Ljouwert de Blokhúspoarte. It doel is dat se 24 oeren lang op wetter en bôle libje om jild yn te sammeljen aksje Dance4life. En dat is net alles: eins moatte se ek 24 oeren lang wekker bliuwe.
Om healwei tsienen gie de seldoar ticht,
woansdeitemoarn om deselde tiid giet de doar wer iepen. De fiif sille ek in laptop oanslute yn de sel.
Oer Skype kin de hiele skoalle dan sjen wat se dogge.