Krappe oerwinning LDODK op DeetosSnel

25 nov 2018 - 08:56

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn mei minimaal ferskil wûn fan DeetosSnel út Dordrecht. Yn de eigen sporthal waard it 24-23, nei in rêststân fan 13-10. Nettsjinsteande de winst, wiene de Gordyksters net folslein tefreden mei harren spul.

LDODK - Foto: Jurjen Smid / LDODK.nl

"De ploeg is erg kritisch op zichzelf", sei trainer Henk Jan Mulder nei ôfrin fan de krappe winst. "Ze zijn hier ook echt niet tevreden mee. Er is nog werk aan de winkel." LDODK en DeetosSnel wiene de earste helte yn lykwicht. Krekt foar it skoft waard it ferskil makke troch doelpunten fan Tim Flokstra, Friso Boode, Erwin Zwart (2 kear) en Marlou Kuiper, sadat mei in 13-10 foarsprong rêsten waard.

LDODK wreide har foarsprong yn de twadde helte út, mar liet DeetosSnel de lêste tsien minuten noch gefaarlik tichtby komme. De winst gie úteinlik wol nei LDODK mei it minimale ferskil fan 24-23. Spiler Friso Boode wie bliid mei de winst, mar teloarsteld oer it drege spul fan syn ploech: "We moeten elke week wat beter gaan spelen, maar dit was bepaald niet beter dan vorige week."

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)
(advertinsje)