FIDEO: Talkshow 'Finster op 2019' op slotfeest Kulturele Haadstêd

25 nov 2018 - 08:17

2018, it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd, rint nei de ein. En wat barde der in soad! Live fan it slotfeest ôf stjoerde Omrop Fryslân snein it programma 'Finster op 2019' út. We seagen werom op it ôfrûne jier, mar foaral ek foarút. Want hoe kin Fryslân fierder nei al dizze hichtepunten? Hoe hâlde we it kulturele klimaat yn bloei yn sawol stêd as doarp, en hoe soargje we derfoar dat de toeristen hjirhinne kommen bliuwe?

ReOpening

In talkshow mei nijsgjirrige gasten, live muzyk en ferslach fan it plein ôf dêr't it mienskipsbuffet wie. De talkshow wie programmaûnderdiel fan de ReOpening, it slotprogramma fan LF2018. De presintaasje wie yn hannen fan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Kirsten van Santen (LC).

Foto: Omrop Fryslân

Legacy

Mei de ferskate gasten waard weromsjoen op it jier fan LF2018 en de legacy fan it Kulturele Haadstêdjier. Lykas mei Marten Winters oer syn projekt '8ste Dag' en mei komponist en muzikant Sytze Pruiksma oer 'Conference of the Birds'.

Ekonomyske impact

Der waard ek praat oer de ekonomyske impact fan it kulturele jier en oer alle besikers. Sa fertelde Femke Haijtema fan it Fries Museum oer trije suksesfolle tentoanstellingen. Mei Hooman Nassimi gie it petear oer 'New Faces' en it belûken fan in brede groep minsken by de aktiviteiten fan LF2018. En fansels wie der ek muzyk: fan Beppe Costa (fan ûnder oare 'Wereldburgers van de Voorstreek') en Lucette van der Berg (fan ûnder oare it iepeningswykein, 'Jiddish Waves' en 'Explore the North').

(advertinsje)