Ferlies foar Flyers yn ferlinging tsjin Bulldogs Luik

UNIS Flyers is sneontejûn tsjin in ferlies oanrûn yn de BeNe-league. De Feanster iishockeyers ferlearen yn de ekstra tiid fan Bulldogs Luik. It waard 3-2 foar de Belgen, nei de perioadestannen 0-0, 1-1 en 1-1.
Brent Janssen © www.orange-pictures.nl
Luik begûn sterk oan de wedstriid en Flyers-goalie Jeff Honebeeke moast fuort yn de earste perioade in oantal rêdingen dwaan om der foar te soargjen dat syn team net op efterstân kaam. Pas nei in kertier spyljen kaam de ploech fan coach Mike Nason better yn de wedstriid.
De Flyers kamen goed út de klaaikeamer en Ronald Wurm en Pippo Limnell wiene fuort gefaarlik foar de goal fan Luik. It wiene lykwols Bulldogs dy't as earste op it skoareboerd kamen nei 23 minuten, nei in goal fan DeSmet. Lang koene de Belgen net fan de foarsprong genietsje, want Tony Demelinne makke rap de 1-1. Beide ploegen krigen noch de nedige kânsen, mar skoard waard der yn de twadde perioade net mear.
Betiid yn de tredde perioade skoarden Luik, fia Matheson, en de Flyers, fia Adam Bezak, beide opnij. By in 2-2 stân nei de tredde perioade moast der in ferlinging spile wurde. Dêryn skoarde Luik en sa pakten de Belgen de winst yn Thialf.