VC Snits wint nei sterke lêste sets yn Apeldoorn

25 nov 2018 - 07:49

VC Snits hat sneontejûn in oerwinning behelle op Dros/Alterno. Yn Apeldoorn waard it 3-1 foar de Snitsers. Dros/Alterno makke it de Snitsers twa sets knap lestich, mar nei't Snits flink oansette, wiene se dúdlik better. Se wûnen de wedstriid úteinlik mei 26-24, 22-25, 25-13 en 25-11.

Foto: VC Snits

Yn de earste set wiene beide ploegen oan elkoar weage, mar pakte Snits in lyts gatsje om de earste set te winnen yn 26-24. Ek yn de twadde set wiene beide ploege like sterk, mar diskear sloech Dros/Alterno ta op 22-22 om de set te winnen.

De ploech fan trainer Paul Oosterhof sette yn de tredde set oan en wist gau in gat fan seis punten te slaan mei de thúsploech. Dizze foarsprong joech Snits net mear út hannen en makke it ferskil dêrnei sels noch grutter. De set waard ienfâldich wûn mei 25-13. Ek yn de fjirde set wie it ferskil grut en oerklaste Snits de froulju út Apeldoorn: 25-11.

Goede foarm

Troch de winst klimt VC Snits yn de earedifyzje nei it tredde plak. De froulju ha in goede foarm te pakken troch seis fan de lêste sân wedstriden te winnen.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(advertinsje)
(advertinsje)