Earste kwartfinale foar Danny Noppert by Players Championship Finals

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat de kwartfinales berikt fan de Players Championship Finals yn it Ingelske Minehead. Yn de tredde ronde wûn er sneontejûn mei 10-4 fan Krzysztof Ratajski út Poalen. It is foar Noppert syn earste kwartfinale op in telefyzjetoernoai fan it profbûn PDC.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
Noppert en Ratajski koene inoar yn it begjin fan de wedstriid yn lykwicht hâlde. Oant in stân fan 3-3 wûnen de beide darters om en om legs. Dêrnei pakte Noppert mei in 11-darter de foarsprong.
De 27-jierrige Jouster rûn frij ienfâldich út nei 5-3. Nei in pear missers fan de Poal makke Noppert ek al gau de 7-3 yn legs. Ratajski pakte noch ien leg tsjin Danny Noppert, dy't mei in finish fan 100 syn plak yn de kwartfinale binnen helle.
Sneintemiddei spilet Noppert yn de kwartfinale fan it toernoai.
De top-64 fan de PDC Players Championship Order of Merit docht mei oan it toernoai yn Minehead. It is it lêste grutte toernoai foar it WK yn London, dat op 13 desimber begjint.