Hûndert poadiumplakken foar Arjan Stroetinga nei sulver by maraton yn Hoorn

Reedrider Arjan Stroetinga fan Wynjewâld stie sneon foar de hûndertste kear op it earepoadium fan in maratonwedstriid. Hy waard twadde yn de tredde wedstriid fan de Trachitol Trophy yn Hoorn. Hy woe net winne, sei er nei ôfrin.
Arjan Stroetinga, Evert Hoolwerf, en Crispijn Ariëns © Neeke Smit
Evert Hoolwerf út Eemdijk en Crispijn Ariëns út Wolvegea ferlearen mekoar de hiele wedstriid net út it each. Se wiene de nûmers ien en twa út it klassemint. Trochdat se de stipe hienen fan ploechgenoaten kaam der gjin serieuze oanfal. It waard in massasprint.
De A-wareploech fan Hoolwerf en Stroetinga naam sa'n trettjin ronden foar de ein it inisjatyf. De sprint luts it peloton yn in lint. Achter Stroetinga fjochten de riders om de bêste posysjes. Dertroch kaam Gary Hekman te fallen. Freed wûn er noch.

Stroetinga woe net winne

Evert Hoolwerf fininshte as earste, Arjan Stroetinga waard twadde, en Crispijn Ariëns tredde. "Ik hie de wedstriid miskien wol winne kind," sei Stroetinga nei ôfrin, "mar ik moast Evert foarlitte, omwille fan it klassemint."
Hoolwerf bliuwt lieder fan it klassemint fan de maraton fan fjouwer dagen. Snein is de finalewedstriid in Grins, dan komme de riders foar it lêst yn aksje.