Tsien man fan Hearrenfean kânsleas ûnderút yn lange wedstriid tsjin koprinner PSV

24 nov 2018 - 22:42

SC Hearrenfean hat yn Eindhoven mei 3-0 ferlern fan koprinner PSV. Yn it begjin fan de wedstriid wiene beide ploegen oan mekoar weage, mar doe't de skiedsrjochter nei in healoere Hearrenfeanspiler Morten Thorsby fan it fjild stjoerde, wie de pot beslist.

Dave Bulthuis fan Hearrenfean en Luuk de Jong fan PSV - Foto: ANP

Nei tolve minuten kaam PSV op foarsprong nei in doelpunt fan Hirving Lozano. Hearrenfean koe hast op likense hichte komme, mar doelman Jeroen Zoet koe de ynset fan Daniel Høegh krekt fan de line helje. Even letter ûntsnapte Hearrenfean oan de 2-0. Gastón Pereiro skeat fan bûten it strafskopgebiet op de peal.

Reade kaart foar Hearrenfean

Doe't Morten Thorsby fan Hearrenfean Lozano ûnderút helle, begûn it thúspublyk fuortendaliks te razen nei skiedsrjochter Pol van Boekel. Hy liet it spul earst trochgean, mar fanwege in blessuerebehanneling by Lozano kaam it dochs stil te lizzen. Nei it besjen fan de bylden, en oerlis mei de fideoskiedsrjochter, joech Van Boekel Thorsby in reade kaart. Terjochte of net, de Noar koe dûse. Hearrenfean moast fierder mei tsien man.

Flak foar de rêst krige Sam Lammers noch in dyk fan in kâns, mar hy koe net troch doelman Zoet hinne. Hy besocht it al, en dat soarge foar in blessuere by de keeper fan PSV. Nei advys fan de fideoskiedsrjochter joech Van Boekel Lammers in giele kaart. Hearrenfean gong mei in 1-0 achterstân de klaaikeamer yn.

Twadde helte

Yn de twadde helte wie PSV yn alle opsichten better as Hearrenfean. De Friezen koene allinne mar hoopje op in counter. Luuk de Jong skoarde it twadde doelpunt fan de jûn. Mei in prachtige omhaal joech er keeper Warner Hahn fan Hearrenfean it neisjen.

Luuk de Jong fan PSV skoart in magistraal doelpunt: 2-0

Hearrenfean bleau de hiele wedstriid kânsleas. It spul spile him folslein ôf op de helte fan de Friezen. Spilers fan PSV tochten noch twa kear dat se skoard hienen, mar twa kear woe de skiedsrjochter dêr neat fan witte. De Jong makke hands. En José Angeliño stie bûtenspul.

Hirving Lozano skoarde it lêste doelpunt fan de jûn. It wie syn twadde. De einstân yn Eindhoven: 3-0.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal PSV
(advertinsje)