"It Kulturele Haadstêdjier hat Fryslân feroare", mar no is it offisjeel foarby

24 nov 2018 - 21:21

Yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hawwe deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Sjoerd Feitsma de titel Kulturele Haadstêd fan Europa offisjeel oerdroegen oan Matera yn Súd-Italië en it Bulgaarske Plovdiv. Dy stêden binne beide útroppen ta Kulturele Haadstêd fan 2019.

Neffens direkteur Paolo Verri fan Matera 2019 hat it foarbyld fan Ljouwert beskiedend west foar Matera. "Troch Ljouwert koene we sjen dat in lytse stêd winne kin troch de ynset fan gewoane minsken."

Verri neamde ek it idee fan 'mienskip' tige ynspirearjend. Lykas Ljouwert wurket ek Matera in soad mei frijwilligers. Dêr sit ek in fanatike ploech 'digitale frijwilligers' by, dy't alles wat der yn de stêd bart of op priemmen stiet fanatyk promoatet.

Direkteur Paolo Verri fan Matera 2019

De programmapresintaasje fan LF2018 yn Ljouwert - Foto: ANP

Boargemaster Ivan Totev fan Plovdiv is ek loovjend oer Ljouwert. De boargemaster gie sneontemiddei earst nei in optreden fan Roma-muzikanten út syn stêd op Explore the North. Kulturele Haadstêd betsjut foar him ek it dielen fan de Bulgaarske (muzyk-)kultuer mei Europa.

Plovdiv is in tige multykulturele stêd, mei njonken Bulgaren en Roma ek Turkske, joadske, Armeenske en Oekraÿnske mienskippen. Ek Plovdiv sil frijwilligers ynsette. By it iepeningswykein wurde gelyk tûzen frijwilligers ynset; dêr sitte studinten by, mar ek in soad senioaren.

Muzikante Ginka Tser en boargemaster Ivan Totev fan Plovdiv

Sietske Poepjes, Ivan Totev, Sjoerd Feitsma en Paolo Verri - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Oan It muzykprogramma 'As she sings' fan Bulgaarske en Fryske muzikanten dogge njonken sjongeressen en muzikanten út Plovdiv ek de Fryske sjongeres Inez Timmer en Lucette van den Berg fan Yiddish Waves mei. Sy sille yn de simmer fan 2019 nei Plovdiv reizgje om it programma dêr op te fieren.

Bulgaarske muzikanten yn de Westertsjerke yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Fryslân is feroare"

Neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok hat it ôfrûne jier Ljouwert en Fryslân feroare. De Kulturele Haadstêd hat Ljouwert en Fryslân selsbewuster makke, fynt de kommissaris.

Boargemaster Ferd Crone brûkte it poadium om yn it foarste plak alle frijwilligers te betankjen. "Zonder vrijwilligers is er geen culturele hoofdstad." Neffens de boargemaster hat yn 'e rin fan it ôfrûne jier op syn minst ien op de tsien Friezen ien kear of faker belangeleas yn it spier west foar in aktiviteit fan de Kulturele Haadstêd.

(advertinsje)