Groenewoud kin soevereine Schouten net ferslaan yn tredde maratonwedstriid

24 nov 2018 - 20:48

Foar de tredde kear op rige hat reedrydster Irene Schouten fan Andyk in wedstriid fan de Trachitol Trophy wûn. Har ploechgenoat Marijke Groenewoud fan Hallum waard twadde. Imke Vormeer fan Meppel pakte it it tredde plak.

Irene Schouten wint foar Marijke Groenewoud - Foto: Neeke Smit

It tempo lei heech, krekt as de foarige dagen. In inkele kear demarrearre in groep, mar net ien kear koe der in kopgroep fuortkomme. Foaral Carien Kleibeuker ried oanfallend. Kear op kear luts sy it peloton oan.

De wedstriid einige yn in massasprint. Net ien fan oare riders koe in oppermachtige Schouten de baas. Mei trije oerwinningen yn de fjouwer dagen bliuwt se de lieder fan it klassemint.

De maraton fan fjouwer dagen wurdt al sûnt 1983 organisearre. De Trachitol Trophy is de 20ste edysje. Snein komme de riders foar it lêst yn aksje yn Grins.

(advertinsje)