CAO-konflikt by Douwe Egberts liket oplost, staking foarearst fan de baan

24 nov 2018 - 20:05

Wurknimmers fan Douwe Egberts op De Jouwer binne it mei de direksje iens wurden oer it salaris. De stakingen dy't foar sneintejûn pland stie, giet dêrom net troch. Dat melde de fakbûnen FNV en CNV.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De wurknimmers fan it kofje- en teebedriuw Jacobs Douwe Egberts krije in leansferheging dy't oant 2020 oprint nei 5,8 persint, en se hâlde de adv-dagen. Dat ha de fakbûnen mei it bedriuw ôfpraat yn in nije CAO. It akkoart wurdt meikoarten foarlein oan de leden fan de fakbûnen.

"Een mooi en eerlijk resultaat, waarmee we de rechten van nieuwe werknemers veilig stellen", seit ûnderhanneler Bernard Zijlstra fan CNV Vakmensen.

Ferskil op de wurkflier

Earder wie de direksje noch fan plan om nije wurknimmers minder adv-dagen te jaan as de minsken dy't der no al oan it wurk binne. "Zo'n verschil op de werkvloer moet je echt niet willen", seit Zijlstra. Der komt no in ûndersyk nei de adv-dagen by it bedriuw. De wurkdruk wurdt dêr ek yn meinaam.

Foarige wike ha wurknimmers fan it bedriuw it wurk dellein. Dat wie op De Jouwer en yn Utrecht.

(advertinsje)