Ljouwerter basketballers ferlieze yn iiskâlde sporthal yn Amsterdam

De basketballers fan Aris ha yn Amsterdam net winne kind fan Apollo. Al yn it earste kwart kaam Aris op achterstân. It kaam net mear goed foar de Ljouwerters.
© Aris Ljouwert
Yn in iiskâlde Apollohal yn Amsterdam stie Aris nei it earste kwart mei 21-20 achter. Yn de rêst wie it 39-35.
Apollo rûn hieltyd fierder út. Nei trijekwart wie it 68-53, en oan de ein fan de wedstriid stie der in stân fan 94-80 op it skoareboerd yn Amsterdam.