Helptsjinsten ride massaal út fanwege fjochtpartij yn Ljouwert

By in fjochtpartij yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke. Dat meldt de plysje. Yn earste ynstânsje seacht it der nei út dat der meardere slachtoffers wienen.
© Robert Jan Boonstra
It ynsidint fûn plak op it Noordvliet yn Ljouwert. Wat der krekt bard is, is ûndúdlik. De tadracht is ek net helder. Neffens in omstanner ûntstie der in rúzje neidat in auto de dyk blokkearde. De plysje koe dat net befêstigje.
Der binne sneontejûn trije ambûlânses en meardere plysje-auto's útriden nei de melding op it Noordvliet.