ONS Snits ferliest belangrike wedstriid fan direkte tsjinstanner út Veenendaal

24 nov 2018 - 18:56

Yn de tredde difyzje hat ONS Snits de kompetysjewedstriid tsjin VV Dovo út Veenendaal ferlern mei 2-1. Dêrtroch is Veenendaal Snits foarby op de ranglist.

Martijn Barto fan ONS Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

It earste doelpunt wie foar Snits. Ale de Boer solearde fraai nei de 1-0 op it Sudersportpark yn Snits, mar oanfierder Joshua Patrick sette Veenendaal noch yn de earste helte op likense hichte.

Yn de twadde helte skeat middenfjilder Roy Bakkenes fan Veenendaal de bal foarby de Snitser keeper Barry Ditewich. Hy sette de einstân op 2-1.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)