Nyck de Vries grypt njonken it poadium yn Feriene Arabyske Emiraten

24 nov 2018 - 18:48

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is yn de ien-nei-lêste Formula 2-race fan it seizoen as fjirde einige. Op it sirkwy yn de Feriene Arabyske Emiraten sette De Vries goed útein: hy starte op it twadde plak, en wist al gau de kopposysje te pakken.

De pitsstop fan De Vries koste him it earste plak. Hy ferlear te folle tiid en kaam dêrtroch op de twadde posysje telâne. Yn it ferfolch fan de race koe De Vries dy posysje net behâlde: hy sakke noch twa plakjes en einige úteinlik as fjirde.

Snein is de lêste race fan it seizoen, op itselde sirkwy. Yn it klassemint stiet De Vries op it fjirde plak. Hy hat alve punten efterstân op de nûmer trije. Snein binne der noch maksimaal santjin punten te fertsjinjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)