Harkemase Boys 'binnen zonder kloppen' by De Dijk yn Amsterdam

24 nov 2018 - 18:05

De Harkemase Boys hat yn de tredde difyzje de kompetysjewedstriid tsjin ASV De Dijk út Amsterdam wûn mei 4-1. De Harkiten gienen it skoft yn mei in foarsprong, mar oan it begjin fan de twadde helte hie de ploech fan Tieme Klompe it even dreech. Nei't de 1-1 foel, makke Harkemase Boys dochs dien wurk.

It earste doelpunt foel nei achttjin minuten. Noureddine Boutzamar skoarde út in frije traap foar de Harkemase Boys.

Nei in healoere krigen twa spilers fan de Harkemase Boys binnen in minút beide in giele kaart. Iloba Achuna hold it shirt fan in tsjinstanner beet, en Johnny de Vries kaam te hurd yn.

Oan it begjin fan de twadde helte rûn it totaal net by de Friezen. In doelpunt dan Kubilay Koylu sette de Amsterdammers op likense hichte. De Dijk sette druk.

Twadde helte poerbêst foar Harkemase Boys

Nei in oere koene de Harkemase Boys der út komme. Henny Bouius makke de 2-1. Doe wie de bear los. Binnen tsien minuten fleach in kanonskûgel fan Berwout Beimers krekt njonken de goal, en skoarde hy mei in skitterjende stift de 3-1.

Johnny de Vries sette de einstân op 4-1, op oanjaan fan Robert Stelpstra.

(advertinsje)
(advertinsje)