Darter Danny Noppert yn beslissende leg nei tredde ronde PCF

24 nov 2018 - 17:23

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat de tredde ronde berikt fan de Players Championship Finals. De 27-jierrige Noppert wûn yn it Ingelske Minehead yn in beslissende leg mei 6-5 fan rûtinier Mervyn King.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste leg fan de wedstriid hiene beide manlju it dreech. Noppert pakte úteinlik de earste leg, mar miste yn de folgjende legs pylken om op foarsprong te kommen. King bruts op 2-2 de leg fan de Jouster mei in knappe finish fan 112.

Finishes foar Noppert

De Fries bûgde yn it twadde part fan de wedstriid in 2-3 efterstân om ta in foarsprong fan 5-3, mei ûnder mear finishes fan 91 en 100. Ien wedstriidpylk fan Noppert op de 'bullseye' gie mis, wêrnei't King der úteinlik noch 5-5 fan makke. Sawol de Jouster as de Ingelskman krigen de kâns om te winnen, mar Noppert pakte fia dûbel tsien de oerwinning.

Sneontejûn wurde de partijen fan de tredde ronde spile op it poadium yn Minehead. Noppert komt dêryn út tsjin de winner fan de wedstriid tusken twafâldich wrâldkampioen Adrian Lewis en Krzysztof Ratajski, dy't de lêste wiken goed yn foarm is.

De top-64 fan de PDC Players Championship Order of Merit docht mei oan it toernoai yn Minehead. It is it lêste grutte toernoai foar it WK yn London. Dat begjint op 13 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)