VV Bûtenpost wint iepen wedstriid mei 2-1 fan Apeldoorn

Fuotbalklup VV Bûtenpost hat yn de haadklasse de kompetysjewedstriid tsjin CSV Apeldoorn wûn mei 2-1. Al nei fjouwer minuten stie Bûtenpost op in 1-0 foarsprong op it eigen sportpark De Swadde.
Rolf Dijk fan VV Bûtenpost © www.orange-pictures.nl
It earste doelpunt fan Bûtenpost kaam út in penalty. Robin Huisman-De Jong skoarde fan alve meter ôf. It wie in iepen wedstriid, mei kânsen oan beide kanten.
In skot fan Bûtenpostspits Rolf Dijk waard noch mar krekt keard, en yn de rebound koe Robin Huisman ek net skoare. Op slach fan rêst krige Rob Dijkstra noch in goeie mooglikheid op de 2-0, mar it mocht net wêze foar de Blaukes.
De rêst die de spilers fan Apeldoorn goed. Se kamen better út de klaaikeamer as de mannen fan Bûtenpost. In frije traap fan Apeldoorn gong noch mar krekt neist. Even letter koe doelman Kevin van der Meulen fan Bûtenpost in skot fan Apeldoorn maklik keare.
Yn de 72ste minút skoarde Jorrit Terpstra de 2-0, neidat de keeper fan Apeldoorn in skot fan Rolf Dijk noch mar krekt keare koe. Apeldoorn skoarde fiif minuten foar tiid noch de oanslutingstreffer, mar kaam net mear op likense hichte. Einstân: 2-1.