Ratatoelje #13: Ajam smoor mei bami goreng en tumis paksoi fan Tante Watti

24 nov 2018 - 16:31

Rianna Watimena fan Drachten is 88 jier âld. Minsken om har hinne kinne har as Tante Watti. Yn de jierren dat se by it Philipsfabryk wurke, naam se altyd loempia's mei foar elkenien.

Tante Watti - Foto: Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

Yn de kulinêre searje Ratatoelje fan Finster op Fryslân meitsje Friezen fan ferskillende eftergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Rianna makket ajam smoor mei bamy goreng en tumis paksoi.

Rianna komt fan Sumatra. Se troude mei in Molukse man dy't tsjinne by it Nederlânsk-Yndysk leger. Nei de oarloch moasten se nei Nederlân, omdat de militêren net yn it nije Yndonezië fan Soekarno bliuwe koenen.

It pear soe mar foar even yn Nederlân wêze, omdat der in spesjale Molukse Steat komme soe, mar foar even waard foar altyd.

Hinnefleis mei bamy en griente

Om de ajam smoor mei bamy goreng en tumis paksoi te meitsjen, brûkt Rianna hinnefleis, sipels, knyflok, spitskoal, paprika, prei, selderij, spekjes, bamy, oestersaus, piper, sâlt, nutemuskaat, sambal, ketjap manis, rys, en kroepoek.

Yn it filmke is te sjen hoe't se it iten klearmakket, en se fertelt dat se har bynamme 'Tante Watti' krige doe't se by Philips wurke. "Veel mensen kenden mij bij Philips. Die kwamen even een loempia halen bij Tante Watti."

Op it lêst makke Rianna wol hûndert loempia's yn de wike. "Per week hoor, niet iedere dag."

"Het is hier heel koud"

Rianna wennet al mear as 60 jier yn Nederlân. Yn 1951 kaam se, as jonge mem fan 21 jier âld, mei de boat hjir hinne. Dat wie net maklik, seit se. "Het was een vreemd land. En heel koud."

Se wie krekt troud, seit se, doe't se nei Nederlân kaam. "We hebben het heel moeilijk gehad. Ze stopten ons in barakken, niet in een huis. Hier was het ook opbouwen, na de oorlog."

It libbensferhaal fan Tante Watti

Ajam smoor mei bami goreng en tumis paksoi is in gerjocht dat Rianna oan thús tinken docht. Se is de trettjinde dy't foar Finster op Fryslân in gerjocht mei in ferhaal makke hat.

(advertinsje)
(advertinsje)