Plysje hâldt fertochte oan nei mishanneling yn Jobbegea

24 nov 2018 - 14:58

De plysje hat in fertochte oanhâlden yn ferban mei in slimme mishanneling yn Jobbegea. In 60-jierige man út it doarp waard op de holle slein. Hy rekke slim ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: De Vries Media

It slachtoffer waard neffens de plysje rekke mei in noch ûnbekend foarwerp. Dat barde yn de nacht fan freed op sneon, bûten in wenning oan de Schoolweg yn it doarp.

Wat de oanlieding foar de mishanneling west hat, is net dúdlik. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. De fertochte moat noch heard wurde, en de plysje praat ek mei tsjûgen.

Trefwurden: 
plysje mishanneling Jobbegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)