Stimmerij Fryske top 100 úteinset: op wa bringe jo in stim út?

24 nov 2018 - 13:21

De stimmerij foar de Fryske top 100 is sneontemiddei wer úteinset. De ôftraap waard jûn yn Snits troch de heechste binnenkommer fan foarich jier: Wiebe Kaspers en de Greidebern. Yn it sintrum fan Snits iepenen sy sjongend de stimbus. Ek Vangrail en Van Geeft'm trede op.

Stimmerij Fryske top 100 úteinset: op wa bringe jo in stim út?

Stimhokjes en de jukebox

Elkenien kin sneon op it Schaapmarktplein yn Snits terjochte om syn top 5 troch te jaan yn de spesjale stimhokjes. De iepening is ek live te folgjen op radio en telefyzje yn it programma Sneon yn Fryslân.

Ek op oare lokaasjes yn de provinsje binne Fryske top 100 stimhokjes te finen. Fansels kin der ek online stimd wurde, fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Alle stimmers meitsje kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn it programma.

Fryske top 100

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út, foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Ferline jier kaam der in opfallend heech oantal nije nûmers de Fryske top 100 binnen. Wa komt dit jier it heechste binnen en wurdt Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher' fan it earste plak stjitten?

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

'Libben nei de Leafde' fan Vangrail

Trefwurden: 
Fryske Top 100 stimme
(Advertinsje)
(Advertinsje)