VVN slacht alarm oer it gefaar fan hoverboards

24 nov 2018 - 11:55

It binne tige populêre kado's op de ferlanglistjes fan bern: elektryske skateboards, hoverboards, waveboards. Mar út in stekproef fan Veilig Verkeer Nederland blykt dat mear as de helte fan de âlden de ferkearsregels foar dizze apparaten net wit. Fryske boartersguodwinkels wolle se net mear ferkeapje.

hoverboard - Foto: ANP

Elektryske hoverboards en skateboards meie net op iepenbiere diken komme, lykas in fytspaad of de stoepe. Ut it ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland docht bliken dat 54 persint fan de minsken net wit dat de elektryske steps, skateboards, mini-bikes, monowheels en hoverboards net op de iepenbiere dyk meie. Der stiet in boete op fan 360 euro foar bestjoerders dy't alder binne as 16 jier. De boete giet troch de helte foar bern.

Ferkeapstop

Der barre dan ek in soad ûngelokken, reden foar in soad Fryske boartersguodwinkels om se út de winkels te heljen. De Intertoys helle de hoverboards twa moannen lyn út de winkel en Grietje van der Velde fan 'De Grote Speelgoedwinkel' is der nea oan begûn. "Foar de feilichheid nei de klanten ta ferkeapje wy se net, der gebeure in soad ûngelokken mei", seit Van der Velde.

(advertinsje)
(advertinsje)