Feroaringen binnen ried fan kommissarissen Thialf

24 nov 2018 - 09:56

De ried fan kommissarissen fan Thialf wurdt fernijd. Thialf ferwolkommet Arnold de Jong as nij lid fan de ried fan kommissarissen. Tagelyk is it ôfskied fan Thialf-bestjoerder Piet Nammensma. De feroaring giet 7 desimber yn.

Thialf - Foto: ANP

Nammensma (72) nimt nei tolve jier ôfskied as bestjoerder fan Thialf en hat dermei it langst belutsen west by Thialf. "Eigenlijk is dat heel eenvoudig uit te leggen", fertelt Nammensma. "Thialf is gewoon één van de mooiste bedrijven die ik ken. Het is een Fries icoon met een wereldwijde uitstraling, het doet er maatschappelijk toe en door de dynamiek is het als bestuurder zeer boeiend en uitdagend", fertelt hy.

Op it stuit is Arnold de Jong (44) bestjoersfoarsitter fan de Fritcom Group yn Boalsert. De Jong is net allinnich bedriuwskundige, mar hat ek in eftergrûn yn it bankwêzen, wertroch't er finansjele kunde en ûnderfining hat. Binnen de ried fan kommissarissen fan Thialf sil dit ek ien fan syn wichtichste oandachtsgebieten wurde.

De Jong is troud en hat twa bern. Hy wennet yn Snits en is fan oarsprong in Fries. De Jong hat in sterke bining mei de Fryske kultuer en is de Fryske taal machtich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)